«Vorige 1 2 » Dia voorstelling
Fokke Kooistra fertelt diel 2
Diel 2. Oan Bûtenpost ta mei de fyts. Dy setten wy dêr del. As wy dan in dei frij hiene, gongen wy nei hûs. De earste oarloch hoegde ik mar in jier. Ik ha yn Ljouwert en Amersfoort sitten. - Wer wiene jo by Fokke? By de infantery. - Dus rinne. Ja, fuotbalje diene se sawat net, hin. Se begongen al in bytsje, sjuch. Dy auto's jeie ek te folle. Wy ronnen alle einen nei Kloasterburen. By Sara Bos yn Visvliet wie ûs earste pleisterplak. Oer Pitersyl en Soutkamp en dan krigen wy Ulrum. Twa kear kofje. - En dan diene jim wurk op de klaai? Ja, ja. Ik haw troch it hiele lân reizge te mollefangen. Nei Maastricht, nei Winterswyk op de fyts. En mei de trein. Yn Dútslân noch in pear honnen ferspile. Yn de Spaanske gryp. Dat wie doe yn Harkema ek raar. Dat wie yn de hjerst. De iene dei wat mear as de oare. Yn Utrecht fers[pilen wy ús honnen. Dêr wiene wy sels net by. Dy sieten yn kisten. Dy hiene se falle litten. Dat wie doe hiel wat. Wy krigen twa honnen wer betelle, fan it ryk, ja. Meester Otten fan Surhuzum hat foar ús in dong skreaun. Ja, wy krigen de helte fan wat wy fregen. Wy moasten yn Ljouwert komme en dêr kamen hja dan ek. Wy sieten midden yn de Achterhoek, Oldenzaal en dy plakken. - Jim moasten dy mollen ferkeapje? Ja. Wy mochten se net fange, dy moasten wy stil oerstjoere yn in bakje. Der waarden in bulte falske nammen opjûn. - Jo wiene doe net sa bang? Nee, hear! Myn skop hat er in kear ôfnommen en de mollefalle. En yn Wynskoaten ha de plysjes ek noch hondert fellen krigen. En ik gong altyd foarop nei de plysjes. Wy wiene mei ús trijen. Och, ik ha wat beleefd. Mar froeger, hoe min as wy it hân ha. Derr waard ek niks fertsjinne. Doe't ik troud bin, fertsjinne ik noch mar in ryksdaalder yn de wike. - Wiene jo de âldste? De twade fan de húshâlding. Myn mem is stoarn mei it njoggende bern. Se hie ek twa twillingen. Se wie noch mar 35 jier. Us heit is letter wer troud. Dy frou koe ik wol. Har man wie mitseler Hindrik de Haas. Dy man is dea fallen, fan de fyts ôf. - Hat der te foaren ek in skoalle stien? Ja dy skoalle is fermakke, moat je tinke. Dy is no wat oars as froeger. Dizze is folle nijer, dat kin je begripe. En dy waard fergrutte, mar wannear dat wit ik net mear, hear. It skoalhûs hat der altyd by stien, meester Reitsma wenne der yn. Doe leefde myn heit noch hear. - Wie doe de griff. skoalle der èk al? Der wie doe mar ien skoalle, de Staatsskoalle. Letter binne dy oaren der kommen. Ja, ja. Mar dy meesters fan froeger dy kin je net mear, jong. Mar juffer Ennema wol. Dy liet harsels suver ferhongerje. Se joech in soad oan earme minsken. As der wat wie mei de skoalle, dêr wie'k altyd by, mei't ik ek bern hie, hin. - Hoe wiene dy meesters fan froeger, ek sokke dwerse as se no binne? (Dêr moat Fokke om laitsje.) - Se wiene froeger wat stringer, tink? "Ja no, pas op." - Dy kwekeling siet jo efternei? "Ja dat wie sa. Soks dat kin je noch wol in bytsje ûnthâlde. Ja. - Hoe lang binne jo hjir no op it Fean, Fokke? Op ien febrewaarje wurdt it njoggen jier. Ik koe hjir al komme, doe't it hûs boud is hear, mar doe woe'k noch net. Doe ha'k my noch acht jier sels rêdden. Och, ik hie noch trije hûzen yn de Harkema, jong. It lêste fan Feike-Wytske haw ik doe ferkocht. En op de Singel ha'k ien hân en op de Lytse Wei fan Willem Tabak. Twa jonges ha doe in hûs fan my krigen, sjuch. - En hoe âld wurde jo no Fokke? 15 maart wurd ik 99 jier. "Ja in hiele âlderdom, jong. Mar ik bin altyd sûn oan diz'tiid ta. Ik bin âld, mar kin alles hast ûnthâlde moat je tinke. Sokke jongen binne der net safolle. - Nee, dat tink ik ek net. Mar ik kin min rinne. Te bot wurk op de heupen hân. Ik ha twa stokjes. - Ik haw in sinasappeltje foar jo meinommen. Dat ha jo wol fertsjinne. "Betanke hear." Inkele moannen nei dit interview is Fokke Kooistra ferstoarn. Dit prachtige interview is overgenomen uit het jubileumboek van "'t Holdersnêst" iepenbiere basis skoalle Harkema 1889-1989.
Eigenaar/Bron | Jubileumboek van "'t Holdersnêst" iepenbiere basis skoalle Harkema 1889-1989 |
Datum | 1989 |
Verbonden met | Fokke Kooistra |
«Vorige 1 2 » Dia voorstelling